Nei it sukses fan it stik “Praatsjes” (Neil Simon) yn novimber 2014 (wy wûnen mei dit stik de toanielkriich fan STAF) is KRISISTOANIEL werom!  Dizze kear gjin klucht, mar in tragi-komeedzje.

 

........Krisistoaniel spilet: Famylje fan Maria Goos........

27 jannewaris,  

3 febrewaris 2017

20.15 oere, seal iepen 19.45 oere

    Theater Sense, Hogedijken 18-2 Dokkum

 

Yn it skoft en nei ôfrin fan it stik is der musyk en is der romte om nei te praten meimekoar.

 

Freed 27 Jannewaris - Bauke Beert Keizer Gitarist / sjonger

Freed 3 Febrewaris - Peter Christiaan DJ

 

 

Wa binne wy...


 

 

 

 

Nei it grutte súkses fan it iepenloftspul “de Oerfal” yn de âlde Ljouwerter finzenis “de Blokhuispoort” (2013), ûntstie it idee om my in oantal spilers ris wat oars te dwaan. De gearwurking wie poerbêst befallen en eins woene wy elkoar noch net los litte. Sa kaam it dan yn 2014 it stik “Praatsjes”, oarspronkelik fan Neil Simon en oerset troch Gurbe Dykstra, brocht waard yn teater Sense yn Dokkum. Dit waard in grut sukses: wy wûnen de toanielkriich en de reaksjes wiene lovend.

 

 

 

No, twa jier letter, is it tiid foar wer in nije utdaging: FAMYLJE fan Maria Goos en oerset troch Tryntsje van der Zee. 

 

 

 

Ek dizze produksje moasten wy wer opsette mei hast gjin jild. Hast eltsenien wurket fergees mei oan dizze nije produksje. Sa stelt Sense Dokkum harren seal beskikber foar repetysjes en útfieringen, en krije wy rûnom út de mienskip help om sûnder jild, dochs in produksje delsette te kinnen. 

 

 

 

Wy gean wer foar in nije utdaging! Wy wolle jo dêrom útnoegje om op 27 jannewaris, 3 of 10 febrewaris, nei teater Sense te kommen yn Dokkum om ús nije foarstelling

 

‘Famylje’ te sjen. Ek dizze kear sil der nei ôfrin musyk wêze.

 

 

Omballingen...

Kostuums - Outfit Toneelkleding Burgum

Technyk - Frank van Goch, Renee Veffer

Dekor advys - Jaap Groen 

Kap & Grime - Anna Doornbos-Houwer

Grafyske foarmjouwing - Dick Jansen


It Stik famylje...


“Famylje”is in tragikomeedzje oer in gesin dat noch ien kear meimekoar op fekansje giet omdat mem ûngenêslik siik is. Mei de bêste bedoelings begjinne se oan dizze dagen, mar al gau kinne se de skyn net mear ophâlde. De ûnderlizzende frustraasjes fan de ferskillende famyljeleden komme stadichoan nei boppe en dat resultearret yn messkerpe dialogen en pynlike konfrontaasjes.

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

Kaarten bestelle...

Tagongspriis €12,50

Kaarten Sense Theater Klik op de link hjir ûnder

Spilers...


Andre Beeksma

Jan (Heit) 

Betteke Eerligh

Els (Mem)

Greetje Klaren
Bibi (Dochter)

Andre de Zee

Nico (Soan)

Hinke Leistra 

Sandra (Skoandochter)

Wybe Kuipers

Von (Skoansoan)

Tineke Broers

Regy